Pasen, 9 april 2023
![]() It is folbrocht ’t Is Peaskefeest en ik bin frij Want Jezus sei: it is folbrocht ’t Is Peaskefeest en ik bin frij Mei syn bloed hat Hy my kocht It djipste wurd is sprutsen Oan it krús op Golgota Ferlossing en fersoening Kamen ús minsken samar ta Syn dea betsjut foar ús it libben Syn ein, foar ús in nij begjin Mar ’t rykste is dochs de oerwinning Op Peaskemoarn, ’t bringt ús gewin Net folle wurdt der fan ús frege In inkeld: folgje My Gean yn it fuotspoar fan de Heilân Dat jout rêst, dat makket frij ’t Is Peaskefeest en ‘k fiel my frij Jezus hat de dea oerwûn ’t Is Peaskefeest, ‘k bin wierlik frij En foar altyd mei de Hear ferbûn | ||
terug | ||