Liturgische schikking Kerstfeest, 25 december 2018

Liturgische schikking Kerstfeest, 25 december 2018
Underweis nei it feest!
 
Krystfeest fiere
yn dizze wrede wrâld?
Krystfeest fiere
yn in mienskip kil en kâld?
 
Krystfeest fiere
mei fûle pine, djippe smert?
Krystfeest fiere
mei in eangstich, beevjend hert?
 
Krystfeest fiere
as der wrakseling is en striid?
Krystfeest fiere
as je libben hinget oan in siden tried?
 
En dochs Krystfeest fiere
dat wolle wy opnij
God loovje en Him priizje
want allinne Jezus makket frij
 
Krystfeest fiere
Hy kaam, Hy is der en siket it behâld                                                            
foar dy, foar my
foar hiel dy wrede wrâld!
 
terug